Koart pleit oer reuzerêd
Der liket gjin ein te kommen oan de ympasse mei it reuzerêd by Terbant. Moandei wie it koart pleit fan de bouwers tsjin de merke-eksploitant dy't beslach lizze litten hat op it rêd.
De bouwers wolle dat it beslach beëinige wurdt sadat se it oan in oar ferkeapje kinne. De eksploitant wegeret dat. De rjochter docht woansdei útspraak.