Dijkstra wint by Starum

© Omrop Fryslân
Eelke Dijkstra hat mei de Oude Zeug de twadde IFKS-sylwedstriid wûn. Hy hie in foarsprong fan hast tsien minuten. Twad wie Schraa, tred Kalsbeek. Yn de twadde helt fan de silerij wie der amper wyn.
Foar Jeroen de Vos wie it in soere dei. Hy starte ferkeard, moast herstarte en einige noch as twadde. Syn herstart hie lykwols ek net goed west, dat hy waard diskwalifisearre.