Frou ferwûne by ûngelok

29 jul 2002 - 00:00

In frou fan 24 út Easterwâlde is moandei slim ferwûne rekke by in ûngelok. In man út Skearnegoutum dy't har mei de auto yn de mjitte kaam, rekke by Wynjewâld op de ferkearde kant fan de dyk en botste op de auto fan de frou.

De frou is mei swiere ferwûnings nei it sikehûs yn Grins brocht. De man hie lichte ferwûnings. Syn rydbewiis is ynnommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)