Europeeske jongerein yn Fryslân

© Omrop Fryslân
De jongereinferiening Frysk Ynter- nasjonaal Kontakt (FYK) organisearret dizze wike in multylaterale útwiksel mei as tema 'Kontakt?!'.
Jongereinferienings út trije Europeeske lytse-taalgebieten binne útnoege om yn de kunde te kommen mei de Fryske taal en kultuer. Sa sil in besite brocht wurde oan Omrop Fryslân, it skûtsje- silen en de PC. Ek sil waadrûn wurde.