Man smyt mes nei freondinne

29 jul 2002 - 00:00

De plysje hat snein op It Hearrenfean in 29-jierrige man oanholden om't er syn freondinne fan 19 jier mishannele hie yn harren wente oan it Vliet.

De twa hiene spul en de man smiet in mes nei de frou ta. It mes kaam yn har knibbel en de frou rûn in snijwûne op. It slachtoffer waard yn it sikehûs behannele. De man is oanholden.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)