Wetsus hellet enerzjy út urine

09 mrt 2012 - 16:13

Pisjende wurknimmers kinne bedriuwen jild opsmite. It klinkt wat plat, mar it is wier. Wettertechnologysk institút Wetsus yn Ljouwert hat in systeem ûntwikkele wêrby't enerzjy wûn wurdt út de urine. It systeem kin derfoar soargje dat in bedriuw yn 'e takomst gjin smoarch wetter mear hoecht te loazen op it rioel.

Ynkoarten set by Wetterskip Fryslân in proef mei it systeem útein.

Trefwurden: 
enerzjy Wetsus urine
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)