'Eelkje II' winner by Hylpen
It skûtsje 'Eelkje II' fan skipper Jeroen de Vos fan Ealahuzen is sneon de winner wurden yn de earste IFKS wedstriid by Hylpen. De 'Eelkje II' is in tige fluch skûtsje.
Neffens Jeroen de Vos is de oerwinning ek te tankjen oan de yntinsive trening fan de bemanning foar de wedstriid. Foar De Vos is dit de earste oerwinning yn 'e IFKS.