GKB: mear ynkomstenbehear

27 jul 2002 - 00:00

De Gemeenschappelijke Krediet Bank yn Fryslân ûnderhannelet mei fersoargings- hûzen om it behear oer te nimmen fan it ynkommen fan in grut tal bewenners. No dogge fersoargingshûzen dat faak sels.

De kredytbank wol mear dwaan oan sok soart fan ynkomstenbehear. Dat komt om't de GKB gjin jild mear útliene mei oan minsken mei in minimumynkommen. Dêrtroch rûn de bank jild mis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)