Merke stranger kontrolearre
De arbeidsynspeksje sil stranger kontrolearje op merken. De merke- eksploitanten wurde kontrolearre op it mêd fan feiligens, jongereinwurk en hurd lûd.
Alle merke-ûndernimmers hawwe in ynformaasjepakket tastjoerd krigen. Dêryn stiet presys wêr't oan foldien wurde moat. Der sil benammen nei de feiligens fan meiwurkers sjoen wurde.