Gjin baktearje mear yn Ielannen

© Omrop Fryslân
De MRSA-baktearje yn ferpleechhûs De Ielannen yn Snits liket ûnder kontrôle. De sikehûsbaktearje waard in wike lyn fûn by in bewenner. Dêrnei binne fuortdaliks maatregels nommen.
Meiwurkers, famylje en bewenners binne ûndersocht op de baktearje. Ut it ûndersyk docht bliken dat der fierder net ien besmette is. De besmette bewen- ner bliuwt foarearst wol yn isolaasje.