Ierdbeving ek op Amelân field

26 jul 2002 - 00:00

De ierdbeving fan moandei wie sels op it Amelân te fernimmen. It KNMI krige in melding binnen fan it waadeilân.

De enkête oer de ierdbeving dy't op de ynternetside fan it KNMI hâlden waard, smite hast 3500 reaksjes op. It epysk sintrum fan de beving, mei in krêft fan 4,9 op de skaal fan Richter, lei by Kerkrade. De ierdskok wie yn Fryslân ek noch op oare plakken te fernimmen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)