Ljouwert wint wer by De Lemmer

© Omrop Fryslân
Skipper Ulbe Zwaga fan Ljouwert pakte tongersdei by it skûtsjesilen gelyk it earste plak. De hiele wedstryd lang soe Ljouwert op kop lizzen bliuwe. De float wie foar de twadde kear op de Iselmar by De Lemmer.
Tusken de oare dielnimmers wie it stuorkewikseljen om in twadde en tredde plak. De Sneker Pan kaam as twadde oer de finish, De Lemmer waard tredde.