Feemerk Bûtenpost giet oer

25 jul 2002 - 00:00

Bûtenpost komt yn ferset tsjin it ferdwinen fan de feemerk. De merk makket tradisjoneel ûnderdiel út fan it doarpsfeest dat nije wike begjint. De feemerk fan Bûtenpost foldocht lykwols net oan de strange regels fan it Ryk.

De gemeente Achtkarspelen hat dêrom de feemerk ferbean. In tal minsken hat dêr tsjin protestearre. De feemerk fan Bûtenpost bestiet al 400 jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)