'It aaisykjen is wrâlderfgoed'

In broedsje ljipaaien © Henk Bootsma
It Bûn fan Fryske Fûgelwachten wol dat it aaisykjen op de wrâlderfgoedlist komt. De Unesco sil yn de takomst ek gebrûken en tradysjes beskermje. Neffens it BFVW heart it aaisykjen as ûnderdiel fan de Fryske kultuer dêr ek by.
Ek it skûtsjesilen, de boerebrulloft en it Sint Piterfeest kinne yn de beneaming komme foar in plak op de wrâlderfgoedlist fan Unesco.