Pinpasfraudeurs aktyf

25 jul 2002 - 00:00

De plysje warskôget foar pinpasfraude. In Jouster is fan it wykein bestellen fia syn pinpas. By it pinnen bleau syn paske stykjen. Hy lies op in briefke dat er fanwegen in steuring trije kear syn pinkoade yntoetse moast. Dat die er, mar de pas kaam der net út.

Nei it wykein ûntduts de man dat jild fan syn rekken helle hie. De plysje warskôget pinners goed op te letten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)