Blauwe Fane foar boatsjeminsken

25 jul 2002 - 00:00

De ANWB komt mei it saneamde 'Blauwe Vaantje' foar eigners fan boaten en skippers. It is in fariant fan de 'Blauwe Vlag', dy't foar strannen en jachthavens ornearre is.

De fane is foar boatsjeminsken dy't foldogge oan feilichheids- en miljeueasken. Jachthavens mei de Blauwe Flagge meie de fanen útjaan. Dat binne de havens op Skylge en It Amelân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)