Kninen ferniele begraafplak

24 jul 2002 - 00:00

It algemiene begraafplak yn Wolvegea wurdt fernield troch kninen. De bisten grave ûnder de grefstiennen en frette de blommen op dy't der dellein binne. Ek de paden wurde stikken makke troch it gegraaf.

De gemeente Weststellingwerf dy't eigner is, hat in fergunning oanfrege om de kninen mei in fret te fangen. Dy is lykwols ôfwiisd troch de provinsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)