Boerebrulloft op 'e Jouwer

© Omrop Fryslân
It wie feest op 'e Jouwer woansdei. Yn it doarp waard wer de tradisjonele boerebrulloft hâlden. Op âlderwetske wize joegen Harmen Bouma en Nynke Heegstra fan Hidaard inoar it ja-wurd.
It wie gjin echte trouwerij, mar it steltsje is wol fan doel om meikoarten echt te trouwen. De feestlikheden, mei in breidsmiel, hurddraverij en ringriderij, lutsen tûzenen besikers.