MPA-hormoon by Fryske bedriuwen

© Omrop Fryslân
It MPA-hormoon is op 'e nij oantroffen by feefoerbedriuwen. By de 24 bedriuwen dêr't it fûn is, sitte ek sân Fryske bedriuwen. It Ministearje fan Lânbou hat frege de eksport stil te lizzen.
Ferline wike wienen de bedriuwen krekt wer hoeden mei it eksportearjen begûn. Santich prosint fan de bargen giet nei it bûtenlân. Itaalje en Dútslân binne de belangrykste lannen.