Jousters earste yn Ealahuzen

23 jul 2002 - 00:00

Baint Kramer fan it Jouster skûtsje Oeral Thús hat tiisdei op de Fluessen wûn. Dêrmei ha de Jousters de tredde oerwinning helle by de SKS.

It wie in grut spektakel by Ealahuzen. De hurde wyn mei stevige pûsters út en troch soarge foar spannende tafrielen. Grou kaam as twad binnen, tred waard Boalsert. In protest fan Drachten tsjin Ljouwert waard ynlutsen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)