Drokte by autoglêsbedriuwen

23 jul 2002 - 00:00

Bestelauto's en buskes meie sûnt koart in sydrút hawwe oan de rjochterkant fan de wein. De feroaring yn de wet soarget foar in soad drokte by autoglêsbedriuwen.

De bestjoerder hat mei in rút better sicht op fytsers oan de sydkant fan de wein. Benammen partikulieren ha it jild der foar oer om it rút te pleatsen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)