Sneker Pan winner by Wâldsein

22 jul 2002 - 00:00

It skûtsje fan Snits, De Sneker Pan, is moandeitemiddei winner wurden fan de wedstriid by Wâldsein. Snits waard folge troch Boalsert en Ljouwert.

By de boppeste tonne fleach it skûtsje De Heale Moanne fan Drachten op it skûtsje fan Wâldsein. De Heale Moanne rûn dêrby averij op en gong út 'e wedstriid. Wâldsein sakke dêrtroch in pear plakken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)