Ierdbeving ek yn Fryslân field

© Omrop Fryslân
De ierdbeving dy't de minsken yn Súdeast-Nederlân moandeitemoarn wekker skodde, hat ek yn Fryslân koart te fernimmen west. Omrop Fryslân krige meldings fan minsken dy't de ierdskodding field hiene, ûnder oare yn Ljouwert, De Lemmer en Toppenhuzen.
De beving barde om 07.45 oere en hie in krêft fan 4.9 op de skaal fan Richter. It epysk sintrum lei yn Dútslan.