Motorrydster om it libben kaam

© Omrop Fryslân
In 43-jierrige ynwenster fan It Hearrenfean is snein ferstoarn nei in oanriding op de Hindrik Algrawei yn Ljouwert. De frou ried op in motor en botste frontaal op in auto dy't har yn 'e mjitte kaam.
De auto waard bestjoerd troch in 26-jierrige man út Bears. Hy ried op 'e ferkearde helte fan 'e dyk. De motor- rydster is yn it sikehûs ferstoarn.