Fersmoarging op strân Flylân
It Noardseestrân fan Flylân is dit wykein oer in lingte fan 10 kilometer fersmoarge mei paraffine. It guod is freed en sneon oanspield. Rykswettersteat is yntusken út ein set mei in himmelaksje. Dêrby wurdt grut materieel ynset.
Wêr't de paraffine weikomt, is noch ûnbekend.