'Dúnbrân' kaam fan pindasaus

21 jul 2002 - 00:00

De brânwacht fan Flylân rukte sneontejûn út nei in melding fan in dúnbrân. Doe't se op it plak sels kamen die bliken dat de fette reekwolken fan in panne mei pindasaus kamen.

De eigner wie eefkes by de barbecue weirûn en hie de boel fergetten. It gefolch wie in oanbaarnde panne, in fikse reekûntwikkeling... en de spuitgasten op besite.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)