Anema twadde by maraton

© Omrop Fryslân
Feteraan Karst Anena út Stiens is sneon twadde wurden op in maraton yn Diever, dy't SV Friesland mei organisearre. Anema sette in tiid del fan 3.08.31, net min foar in parkoers oer foar it grutste part boskpaden. Senior André van der Vliet út Utrecht wie de winner.
Inge Wulffelé út Ljouwer wûn de 12 km en Ed van der Steeg út Feanwâlden waard twadde op de 22 km.