Deade by trekkerûngelok

21 jul 2002 - 00:00

In 74-jierrige man út Menaam is sneontemiddei om it libben kommen doe't er mei de trekker oan it wurk wie. Dat wie op in stik lân oan 'e Menamerdyk. Troch noch ûnbekende oarsaak kaam er ûnder it linkerachterstsjel telâne.

De man ferstoar op it plak sels oan syn ferwûnings. De plysje hat de saak yn ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)