Wjerljocht slacht yn yn wenhûs

© Omrop Fryslân
De wjerljocht is sneintemoarn betiid ynslein yn in twa-ûnder-ien-kape-wente yn Winaam. De bewenners leine noch op bêd en seagen in fjoerbal foar harren eagen. Nei de ynslach ûntstie brân.
De bewenners koene op 'e tiid út it hûs komme. De brânwacht wie der gau by om it fjoer út te meitsjen. Dochs wie de skea oan 'e wente grut. It wie in koarte, mar hevige tongerbui.