Maatregels hoareka Frjentsjer

20 jul 2002 - 00:00

Alle hoarekagelegenheden yn Frjentsjer geane sneontejûn om 21.00 oere ticht. Ek hingje der oeral swarte linten oan de gevels fan de kafees yn de stêd.

De hoareka-eigners hawwe dizze maatregels nommen fanwege de stekpartij mei deadlike ôfrin, freedtenacht yn bar Alouette. Dêrby ferstoar in 35-jierrige frou út Frjentsjer en rekken trije minsken ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)