Aksjegroep tsjin gasboarrings

© Omrop Fryslân
De aksjegroep Tegengas Tjeukemeer oerwaget by de bestjoersrjochter proefboarrings nei gas yn de mar te kearen. Total FinalElf hat fan it Ryk tastimming krigen om in heal jier lang gasboarrings te dwaan.
De aksjegroep is benaud foar lûdsoerlêst en boaiemfersakking. De gemeente Skarsterlân jout ta dat de ynformaasje- ferstrekking wat ûngelokkich west hat.