Evangelist oan 'e dyk set

© Omrop Fryslân
De lieder fan evangeeljegemeente De Deur, Rudy van Diermen, is oan 'e kant set troch syn eigen efterban. Dat barde nei oanlieding fan ekstreme útspraken yn syn preken. De tinte-evangelist preke ferline wike noch yn Ljouwert.
Hy sei doe ûnder oare dat homoseksuali- teit in ôfwiking is en dat homo's ferantwurdlik binne foar de sykte aids. Dêr is aksje tsjin fierd troch it COC.