Oanhâldings foar fernielings

19 jul 2002 - 00:00

Op fersyk fan de plysje fan Hearrenfean is tsjin fiif minsken út Heerlen, Brunssum, Vlodrop en Klimmen proses-ferbaal opmakke. Se wurde beskuldige fan iepenlike geweldpleging en fernielings by de wedstriid Heerenveen-Roda JC op 20 april.

De fertochten ha bekend in oantal kúpstuoltsjes fernield te hawwen. Boppedat ha se in steward mishannele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)