Protesten tsjin skieppestâl
Ynwenners fan Hollum op It Amelân geane troch mei har protesten tsjin de bou fan in skieppestâl oan it Tjettepaad. Sy fine dat de stâl te ticht by de bebouwing komt.
De gemeente hat in fergunning ôfjûn om't der gjin sprake is fan oerlêst. Der meie maksimaal 100 skiep yn de stâl holden wurde. Yntusken is in tydlike romneyloads foar de skiep delset.