Bakkerij v.d. Zee wreidet út

18 jul 2002 - 00:00

Bakkerij Van der Zee yn Garyp wreidet it bedriuw út mei in 1000 m2 grutte ekspedysjehal. Dy is ûnder mear nedich om't der ferline jier in ekstra produksjeline by kaam is.

Van der Zee betsjinnet seis dagen yn de wike sa'n 100 klanten mei bôleprodukten. Under de klanten binne benammen supermerken. De nije hal kostet sa'n 5 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)