Trio Berkenpas wint keatsen

© Omrop Fryslân
Klaas Berkenpas, Dirk Jan van der Woude en Teake Triemstra ha woansdeitejûn de frije formaasjepartij yn Minnertsgea wûn. Dat barde yn in hiel aardige en spannende finale wêryn úteinlik Pieter van Tuinen, André Kuipers en Chris Wassenaar mei 5-5 en 6-4 ferslein waarden.
De tredde priis wie foar Johan Abma, Tjitte Bonnema en Daniël Iseger.