Fytsefabryk Accell buorket goed
Fytsefabrikant Accell Group fan It Hearenfean hat in goed healjier achter de rêch. It bedriuw behelle in nettowinst fan 3,6 miljoen euro. Dat is 38 prosent mear as deselde perioade yn 2001. Accell ferkeapet fytsen fan de merken Batavus, Koga-Miyata en Sparta. De winst komt benammen troch de oername fan it Dútske bedriuw Winora.