Skûtsjesilen by Langwar gie oer

18 jul 2002 - 00:00

It skûtsjesilen fan tongersdeitemiddei by Langwar gie net troch. Der stie in te hurde wyn. Der kamen wynpûsters foar mei krêft sân. It wetter by Langwar is net al te djip.

De SKS-havenmasters hawwe tongersdeitemoarn om 'e tafel sitten mei de skûtsjeskippers en mei inoar kamen se ta de konklúzje dat it silen net feilich genôch wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)