Dôfhûdich duo yn plysjesel set

18 jul 2002 - 00:00

Twa jonges út Drachten makken it woansdeitenacht wat te bûnt yn harren wenplak. De plysje naam harren mei nei it buro foar iepenbiere dronkenskip.

Doe't se wer frijlitten waarden, seach in plysje dat se mei in fyts fuortriden wylst se mei in plysje-auto brocht wiene. Dy fyts hiene se foar it buro stellen. De jonges fan 17 en 19 jier waarden doe wer oppakt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)