Dochs noch 60-km-wei
De Koaiwei yn Jistrum wurdt dochs in 60-km-wei. In jier ferlyn hiene de ynwenners de gemeente Tytsjerksteradiel dêrom frege, mar om 'e nocht. Se brochten de saak dêrnei foar de Rie fan Steat, mar dat holp ek net.
De bewenners hiene it al oerjûn doe't de gemeente dochs noch mei in foarstel kaam. In 60-km-dyk soe no wol yn it gemeentlik ferkearsbelied passe.