Nij Noardfrysk tydskrift Noost

© Omrop Fryslân
It Noardfrysk hat sûnt koart in nij literêr tydskrift. It blêd mei de titel "Noost" komt twa kear yn it jier út. It wurd 'noost' betsjut boarntrôge. De redaksje bestiet út Jarich Hoekstra, Ommo Wilts en Christina Tadsen.
Noost moat in foarum wurde dêr't minsken dy't Noardfrysk skriuwe wolle, har materiaal kwyt kinne. Soks bestie al tweintich jier net mear.