Snits earste by Terherne

17 jul 2002 - 00:00

It skûtsje fan Snits fan skipper Douwe Visser is woansdeitemiddei earste wurden op 'e Snitsermar by Terherne. Der stie flink wat wyn mei somtiden krêftige wynpûsters, sadat de skippen út en troch in moai ein foarút skeaten.

Guon skûtsjes koene troch de pûsters mar mei muoite yn balâns bliuwe. It skûtsje fan Wâldsein gong bygelyks hast om.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)