Skûtsje Langwar út de race

17 jul 2002 - 00:00

Inkelde minuten nei de start fan it skûtsjesilen by Terherne, lei it skûtsje fan Langwar al út de race. Skipper Anne Tsjerkstra botste mei De Jonge Jan tsjin De Heale Moanne fan Jitze Grondsma.

Troch de botsing rûn it skûtsje fan Langwar averij op. It blok wie stikken en de flagge waard derôf skuord. Tsjerkstra koe sa net fierder sile.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)