Kampanje arbeidsynspeksje

16 jul 2002 - 00:00

Alle simmers wurdt der massaal jeugd ynset foar fakânsjewurk. Tsjintwurdich mei dat al fan 13 jier ôf, mar dan wol ûnder strange betingsten. Om dêr goed op ta te sjen fiert de arbeidsynspeksje dizze simmer kampanje.

Spearpunten binne dit jier it gebrûk fan masines en himmel- en bestridings- middels. Grutte misstannen is de ynspeksje oant no ta noch net tsjinkaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)