Jonge boeren lilk op nije regear

16 jul 2002 - 00:00

Jonge boeren binne lilk op it nije kabinet. Tal fan regelings lykas de mooglikheden om goedkeap jild te lienen fia de saneamde tante Agaath-regeling en subsydzjes op miljeufreonlik buorkjen, wurde ôfskaft troch de partijen CDA, LPF en VVD.

It wurdt dêrmei foar jonge boeren noch wer dreger om in boerebedriuw te starten of oer te nimmen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)