Prizen oer fan lotterij

15 jul 2002 - 00:00

Revalidaasje Fryslân hat noch prizen fan de lotterij fan begjin dit jier oer. In tal minsken dy't in winnend lot hiene, ha harren priis net ôfhelle. De lotterij wie ûnderdiel fan in aksje foar de bou fan in oanpaste sporthal yn Beetstersweach.

De sporthal wurdt oanpast foar handikapte sporters. De totale kosten bedrage 2,2 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)