Lemster skûtsje wint by Feanhoop

© Omrop Fryslân
It skûtsje fan De Lemmer hat moandeitemiddei wûn by De Feanhoop. It skûtsje fan Ljouwert lei in grut part fan de wedstriid op kop mar waard flak foar de finish dochs ynhelle troch it skûtsje fan Ale Zwerver fan De Lemmer.
It tredde plak wie foar it skûtsje fan Boalsert, fan skipper Eldert Meeter. It wie moandei moai sylwaar om't der aardich wat wyn stie.