'Takomst griene stroom faai'
De takomst fan griene stroom stiet faai as it nije regear de besunigings op sinne-enerzjy trochsette sil. Tal fan Fryske sinne-enerzjyprojekten rinne no ek gefaar.
Dat seit adviseur Hendrik Gommer fan aksjegroep 'Zonnestroom Nu!'. Yn syn 'Manifest tegen de afbraak' freget Gommer omtinken foar de gefolgen fan de plannen fan it nije kabinet.