Opfiske propellor nei Grinslân
De propellor dy't freed opfiske is troch in Makkumer fisker, is oerbrocht nei in oarlochsmuseum yn Uithuizen (Grinslân). Dêr hawwe se der noch gjin idee fan wêr't de propellor weikomt. Der stiet gjin merk of searjenûmer op en dêrtroch is it dreech te sjen om hokker tastel it giet.
De propellor kaam boppe wetter by de Dôve Balch op de Waadsee.