File troch wurk Oostergoplein

15 jul 2002 - 00:00

Wurksumheden oan it Oostergoplein yn Ljouwert hawwe moandei laat ta in file by de ôfslach A32-Hindrik Agrawei. Oant 5 augustus wurdt der wurke oan it plein.

Fan 'e stopljochten by Goutum ôf kin men net mear de stêd yn. Automobilisten moatte omride fia de Werpsterhoeke en it Drachtster plein of westom oer de Algrawei. Dat wurdt mei boerden oanjûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)